Rasistyske teksten by AZC Kollum

© Omrop Fryslân
Op de dyk by it asylsikerssintrum De Poelpleats yn Kollum binne rasistyske teksten skreaun. 'Vol, vol, weg ermee, AZC Nee' is op de wei kalke. AZC-personiel hat oanjefte fan rasisme dien. De tekst is ûnderwilens ûnlêsber makke.
Earder waarden al ris heakkekruzen op de dyk tekene en paadwizers swartfarve. De direksje fan it AZC makket har soargen oer de feilichheid fan de bewenners.