Man ferstoarn by ûngemak Iselmar

© Omrop Fryslân
In ynwenner (48) fan It Hearrenfean is moandei by in ûngemak yn De Iselmar om it libben kommen. Hy wie ien fan fjouwer bemanningsleden op in sleepboat dy't omsloech en sonk. Twa mannen koenen fuort út it wetter helle wurde.
De tastân fan de Hearrenfeaner wie krityk. Reanimaasje wie fergees. Ien man út St. Maartensvlotbrug wurdt noch fermist. De plysje ûndersiket it ûngemak.