Gemaalhûs wurdt besikerssintrum

13 des 2000 - 10:14
Foto: Omrop Fryslân

It eardere gemaalhûske yn de Brekkenpolder by De Lemmer wurdt renovearre. It hûske wurdt in besikerssintrum dêr't toeristen ynformaasje krije oer it boerelibben, de natuer en de fearpont.

Pleatslik Belang Brekkenpolder eksploitearret it sintrum. Winters sille se har gearkomsten dêr hâlde. De renovaasje kostet 22.000 gûne. It grutste part komt foar rekken fan gemeente Lemsterlân.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)