Kettingbotsing by otterstasjon

12 des 2000 - 16:32
Foto: Omrop Fryslân

Op 'e dyk Hurdegaryp - Ljouwert hat tiisdeitemoarn in kettingbotsing west. By otterstasjon Aqualutra klapten acht auto's opinoar.

Foar safier bekend rekke gjinien ferwûne. Wol ûntstie der in file en moast it ferkear omlaat wurde oer de sutelwei dy't ek as fytspaad tsjinst docht. It is noch net bekend hoe't de botsing ûntstien is.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)