Op 'e nij bern lêstich fallen

© Omrop Fryslân
Twa famkes fan 9 en 10 jier binne sneon yn Ljouwert lêstich fallen troch in man. De bern boarten by de Valeriusstrjitte doe't de man syn geslachtsdiel toande. Earder frege er oft se in lolly woenen.
De famkes flechten nei in pompstasjon en bellen har âlden. Mooglik giet it om deselde bernelokker dy't al in skoftke yn Ljouwert aktyf is. Tsjûgen kinne har by de plysje melde.