Piter Jelles Dokkum wurdt Dalton

12 des 2000 - 11:14

Iepenbiere skoallemienskip Piter Jelles giet op 'e festiging yn Dokkum oer op Daltonûnderwiis. It is de earste Fryske middelbere skoalle dy't soks docht.

Op Daltonskoallen is de persoanlike ferantwurdlikens grut. De learlingen moatte in protte selsstannich leare. Yn it kristlike Dokkum is Piter Jelles mar lyts. Mei twahûndert learlingen doart de skoalle 'Dalton' wol oan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)