Skeel oer erfpacht op Skylge

11 des 2000 - 19:01
Foto: Omrop Fryslân

De arbitraazje tusken erfpachters en Steatsboskbehear op Skylge is mislearre. De hierders wienen it ûniens mei de erfpachtferheging dy't Steatsboskbehear yn ôfspraak mei de Twadde Keamer útfierde.

Guon simmerhûske-eigners betelje 15.000 gûne erfpacht mear. Nei de mislearre bemiddeling freget de Feriening fan Untefreden Erfpachters oan de polityk har nochris oer de saak te bûgjen.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)