Mei bern op 'e rêch fêst yn slyk

11 des 2000 - 17:30

In ynwenner fan Stiens (41) hat it wykein mei in bern op 'e rêch fêstsitten op It Waad. De man wie by Aldebiltsyl fan wâl stutsen. Sawat 300 meter út de kust koe er net mear foar- en achterút.

Hy siet oan 'e knibbels ta yn it slyk fêst. Mei de draachbere telefoan sloech de man alarm. De brânwacht hat him út 'e modder lutsen. Hy en it bern binne der goed foarweikommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)