Sintrum oer sitewaasje Molukken

11 des 2000 - 16:30

De Molukse mienskip yn Easterwâlde fynt dat der in ynformaasjesintrum yn it doarp komme moat. Neffens wurdfierder Maätita kin it sintrum mear bekendheid jaan oer de earnstige oarlochssitewaasje op de eilannegroep.

De inisjatyfnimmers ha subsydzje oanfrege by de gemeente Eaststellingwerf en de provinsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)