VVD wol eigen fizy op nota Borst

© Omrop Fryslân
De VVD-fraksje yn de provinsjale steaten fynt dat der in Fryske fyzje komme moat op de plannen fan minister Borst om de komplekse sikehûssoarch te konsintrearjen by de grutte sikehûzen.
De partij docht it kolleezje it idee oan de hân om minsken út it fjild de nota besjen te litten. Pasjinte- en konsuminteplatfoarms, ambulânseferfier, dokters en soarchfersekerers kinne dat dwaan.