Krystmerk en krystfair

© Omrop Fryslân
Nei't Sinteklaas foar de measte minsken foarby is, stiet de krystman al wer foar de doar. Mei de Krystdagen yn it foarútsjoch wurde der yn Fryslân ferskate krystmerken en krystfairs organisearre.
Yn Burgum is de krystfair ta Wintermerk omdoopt. De opbringst fan it meast sels makke guod is foar Poalen. De inisjatyfnimmer, de herfoarme tsjerke, hat in freonskipsbân mei in Poalske gemeente.