Cambuur ferliest alwer út

© Omrop Fryslân
Cambuur hat sneon yn Almelo fan Heracles ferlern mei 1-0. De Ljouwerter ploech like net fan doel revâns te nimmen op de eardere útskeakeling yn de beker troch deselde ploech. Doelman Paauwe koe syn goal yn de earste helte skjin hâlde.
Yn de 71e minút skoarde de thúsklub mei Ten Thije. Healwei it seizoen hat Cambuur noch mar ien útwedstriid wûn. De top fan it klassemint liket fier fuort.