Plan foar apparteminten yn Snits

© Omrop Fryslân
Wenningstifting De Wieren yn Snits wol 24 portykwenningen yn de stêd slope. Op it plak fan de huzen oan de Pampuskade en de Schouwstrjitte moatte 60 nije apparteminten komme. It plan wurdt nije wike oan de bewenners presintearre.
De Wieren ynvestearret 11 miljoen gûne yn it plan. De gemeente moat it noch goedkarre. Ein 2003 moat it earste hûs oplevere wurde.