Oplossing wenboatekwestje
De ried fan Boalsert hat tongersdei nei 16 jier strideraasje in wenboateferoardering oannaam. Ien lisplak wurdt legalisearre, trije oaren komme, sadree't de bewenners fan no fuort binne, te ferfallen.
PvdA en VVD besochten noch om alle fjouwer wenboaten byinoar te bringen op ien lokaasje, mar krigen dêr net genôch stipe foar.