Toer better befeilige

07 des 2000 - 12:46
Foto: Omrop Fryslân

By de Achmeatoer yn Ljouwert komme bettere feiligensmaatregels. Dy moatte foarkomme dat minsken de toer yn oanbou beklimme. Fiif wike lyn slagge in famke yn ferwarde tastân deryn om mei de boulift op de heechste etaazje te kommen.

De arbeidsynspeksje hat no in ûndersyk ynsteld nei de feiligens op de toer. De toer wurdt úteinlik 113 meter heech.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)