Nij Bosma Zathe offisjeel iepene

© Omrop Fryslân
Woansdei is de proefbuorkerij Nij Bosma Zathe offisjeel iepene troch Kommissaris fan 'e Keningin Ed Nijpels. It praktyksintrum yn 'e Boksumer polder jout greidboeren foarljochting oer miljeuen natuerfreonlik buorkjen.
Nei in jier bouwen is de ferhuzing fan Oerterp nei Ljouwert in feit. De âlde buorkerij is ferkocht. De hiele oergong hat mear as 17 miljoen gûne koste.