Keamer wol mear ûndernimmers

© Omrop Fryslân
De Keamer fan Keaphannel wol it selsstannich ûndernimmerskip mear yn it omtinken fan studinten bringe. Yn ús lân is it normaal om nei de stúdzje in fêste baan te sykjen. De Keamer tinkt dat dêrtroch in soad ideeën ferlern geane.
Yn Nederlân begjint tolve persint fan de ôfstudearden in eigen bedriuw. Yn Amearika leit dat persintaazje op tritich persint.