Ynrjochting De Burd fêststeld

© Omrop Fryslân
Deputearre Steaten fan Fryslân hawwe it earste part fan de plannen foar lânynrjochting by de Swette en de Burd by Grou fêststeld.
De lânynrjochting betsjut dat de Noarder-Burd en it Eilân in natuerfunksje krije. Yn eardere plannen soe de Noarder-Burd moeras wurde. De SuderBurd krijt in rekreative funksje en it Swettegebiet is bedoeld foar lânbou.