Essent moat sanearing meibetelje

06 des 2000 - 15:48

Gasbedriuw Essent moat yn de takomst faker meibetelje oan de sanearing fan de grûn by de eardere gasfabriken yn Fryslân. Deputearre Mulder is dêroer yn petear mei de direksje fan Essent.

Essent hat Frigem oernommen en is dêrtroch min of mear ferantwurdlik wurden foar de fersmoarging dy't yn it ferline ûntstien is. By sanearings soe Essent aanst in tredde part betelje moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)