Krisis molkfeehâlders troch BSE

06 des 2000 - 13:53
Foto: Omrop Fryslân

De molkfeehâlders reitsje yn swier waar troch de gefolgen fan de BSE-krisis. Neffens de foarsitter fan de fakgroep molkfeehâlderij fan de NLTO kinne boeren har fee net kwyt om't de ôfset ynsakke is. Ek de prizen binne leger wurden.

De Europeeske Kommisje makke moandei bekend dat alle kij âlder as 30 moannen foar slacht test wurde moatte. Diermoal mei ek net yn feefoer ferwurke wurde.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)