23 deade skiep yn lân by Twizel

© Omrop Fryslân
Yn in stik lân by Twizel hat de Algemiene Ynspeksjetsjinst (AID) 23 deade skiep oantroffen. Guon kadavers leine der al fjouwer wike. Yn de greide rûnen fierder noch 125 sûne skiep om.
De minne berikberheid fan it stik lân is de ferklearring fan de skieppehâlder foar de dea fan de bisten. De AID hat in proses-ferbaal opmakkke. De kadavers binne ferneatige.