Benedictus rêdt it krekt net

© Omrop Fryslân
Geert Benedictus fan De Jouwer wurdt gjin foarsitter fan LTO-fakgroep molkfeehâlderij. Hy krige moandei by de 2e stimronde 49,4% fan 'e stimmen en dat is 160 stimmen minder as syn tsjinstanner.
Feehâlder Schenk wurdt no foarsitter fan de LTO-sektor. Benedictus hat koartlyn ûntslach nommen as direkteur fan 'e sûnenstsjinst foar bisten yn Drachten. Hy sil no foar himsels begjinne.