Nije útstallingen Frysk Museum

© Omrop Fryslân
Yn it Frysk Museum yn Ljouwert binne sneon trije nije útstallingen iepene. 'Soulsafari' lit foto's fan Daniela Steinfeld sjen. Harmen Abma toant nij wurk. 'Alles in de wind' is in samling portretten fan Emo Verkerk.
By de iepening krige Verkerk de Thérèse van Duyl-Schwartze portretpriis útrikt. It Frysk Museum is fan tiisdeis oant en mei sneins fan 11.00-17.00 oere iepen.