Plattegrûn Sint Nyk ferâldere

© Omrop Fryslân
Pleatslik Belang Sint Nyk hat dit wykein ien fan de doarpsplattegrûnen by de yngong fan it doarp fuorthelle om't de ynformaasje op de buorden slim ferâldere is.
De gegevens oer de strjitnammen en bedriuwen yn it doarp binne yn tsien jier net fernijd. It ferwidere boerd wurdt oanbean oan it gemeentebestjoer fan Skarsterlân op 'e Jouwer.