Identiteit motorrider bekend
De motorrider dy't sneon by in botsing mei in auto yn Grou om it libben kaam, is in 42-jierrige ynwenner fan Akkrum. De bestjoerder fan de auto joech de fan rjochts kommende motorrider gjin foarrang op de krusing fan de Parkstrjitte mei de Paviljoenstrjitte.
It slachtoffer waard troch de klap fan de motor slingere. Hy is op it plak fan it ûngemak sels ferstoarn.