Fryslân moat net ferstedskje

© Omrop Fryslân
Fryslân moat har fersette tsjin de ferstedsking. Dêr is de provinsje te moai foar. Dat sei Duivesteijn, TwaddeKeamerlid fan de PvdA sneon. Yn Ljouwert wie in partij-gearkomste. Se praten oer de fyfde nota romtlike oardering.
De Fryske stêden kinne wol útwreidzje, mar it plattelân moat libben bliuwe. De Twadde Keamer praat meikoarten oer de nota mei plannen foar stêd en plattelân.