Gjin opslach fan kearnôffal

© Omrop Fryslân
Fryslân wurket net mei oan opslach fan kearnôffal ûnder de grûn. De provinsje komt hieltyd mear yn byld foar de opslach fan radio-aktyf ôffal fan kearnsintrales en sikehuzen. De sâltkoepels by Ternaard binne as opslach neamd.
Neffens deputearre Jansen komt Fryslân ek net foar in boppegrûnse opslach yn de beneaming. De provinsje kin opslach net tsjinhâlde, mar wol útstelle, sei er.