Wedstriid elektroanyske kaart

03 des 2000 - 14:30

De gemeente Snits skriuwt in wedstriid út foar de moaiste elektroanyske kaart mei in Nijjierswinsk. De kaarten binne bedoeld foar de Japanske susterstêd Kurobe. De emailkaarten moatte foar 20 desimber by it stedhûs binnen wêze.

In saakkundige sjuery kiest trije ûntwerpen út dy't in priis krije. De aldermoaiste kaart komt op de thússide. Ynstjoeringen nei: fekken@sneek.nl.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)