Gaslek yn Drachten
De brânwacht fan Drachten moast sneontemiddei op paad foar in gaslek yn in wenning oan it Oerterperein. It hûs wie net bewenne. De gaslieding wie sprongen nei't de gaskachel derúthelle wie.
De plysje hat de huzen yn de omjouwing ûntromme om't it sterk nei gas rûkte. De buert is in skoftke troch it gasbedriuw ôfset.