Fyftjin doarpen 'Kern met Pit'

02 des 2000 - 16:32

Fyftjin projekten yn Fryslân ha it predikaat 'Kern met Pit' krigen yn de leefberheidswedstriid fan de Keninklike Nederlânske Heidemaatskippij. Sa makke Hidaard de boarterstún feiliger, krige Bakkefean in nije yngong by skoalle en kaam yn Hantumhuzen in boskpaad.

Doel fan de priisfraach wie dat bewenners har eigen leefomjouwing ferbetteren. De winners krigen freed tûzen gûne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)