Ynterfrysk jongerein-wykein

© Omrop Fryslân
Noardfryske en Sorbyske studinten binne dit wykein yn Fryslân foar in saneamd ynterfrysk wykein. Doel fan dit wykein is om inoars talen te learen. De groep bestiet foar in grut part út studinten Frysk fan 'e Universiteit fan Kiel.
De groep brocht freed in besite oan Omrop Fryslân. Se woene graach ynformaasje oer de Fryske media, omdat se sels ek in radiostasjon begjinne wolle.