'Wurk Huisman werom nei museum'

© Omrop Fryslân
Fan sa'n fyftich oant hûndert skilderijen fan Jopie Huisman moatte de eigners opspoard wurde. Dat fynt in wurkgroep dy't de skilderijen wer in plakje jaan wol yn it museum yn Warkum.
Jacob Huisman, soan fan de skilder, en Heerenveen-foarsitter Van der Velde binne twa leden fan de wurkgroep. Dy wol de skilderijen opspoare en besykje werom te keapjen fan partikuliere eigners.