Bedriging nei rûzje om in hûn

© Omrop Fryslân
In meiwurker fan in parkeargaraazje yn Snits is tongersdei bedrige. Hy warskôge in man dy't syn hûn ôfseame. Dy stuts de middelfinger op en kaam trije kertier letter werom mei it mes.
De meiwurker batste de doar fan syn kantoarke ticht en koe sa foarkomme dat er stutsen waard. Nei noch wat skellerij sette de agressive man ôf. Hy wie opfallend netsjes yn 'e klean.