Dochs noch stedstoer Snits

01 des 2000 - 13:17

De Sint Martinustsjerke yn Snits krijt lang om let noch in toer. Op it plak dêr't eartiids in tsjerketoer komme moatten hie, wurdt no in wentoer boud. Dêryn is plak foar 18 wenten.

De toer moat 65 meter heech wurde en is dan de heechste fan Snits. Der is rekken hâlden mei it orizjinele ûntwerp fan de tsjerketoer, dy't der nea kaam. Boppeyn komt in klokketoer en in útsichtpunt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)