Help by fragen oer bern

01 des 2000 - 10:20
Foto: Omrop Fryslân

Yn Burgum is tongersdei it 'Steunpunt 0-25' iepene. It buro jout advys oer jongerein fan 0 oant 25 jier. Dy brede leeftiidskategory is tagelyk ek it bysûndere oan it stipepunt.

Alden kinne der telâne mei fragen oer lytse poppen, likegoed as oer pubers. It giet hjir om in proefprojekt fan 'e gemeente Tytsjerksteradiel yn gearwurking mei de provinsje.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)