Chagall yn Fryslân

© Omrop Fryslân
Yn Fryslân is fan sneon ôf in bysûndere útstalling te sjen. Galery De Kuiperij yn Feankleaster hat dan grafysk wurk fan de wrâldferneamde Marc Chagall binnen de doarren.
It giet om wurk út de searjes La Bible, Dessins en Litographe 1 oant 4. De keunstwurken binne net allinnich te sjen, mar ek te keap. Dêr moat dan wol in pear tûzen gûne foar betelle wurde.