Fryske Gea: minder strjitljocht

30 nov 2000 - 16:14
Foto: Omrop Fryslân

It Fryske Gea fynt dat de strjitferljochting yn Fryslan beheind wurde moat. De strjitlampen kostje te folle enerzjy en it ljocht fersteurt de natuer, neffens de natuerorganisaasje.

Neffens direkteur Hosper is It Fryske Gea in grut foarstander fan it brûken fan duorsume enerzjy. Mar minder strjitljocht is neffens him better as it pleatsen fan wynmûnen.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)