Oerfal nei jild pinnen

30 nov 2000 - 15:53
Foto: Omrop Fryslân

In ynwenner fan Kollumersweach (38) is woansdei om healwei seizen beroofd. Hy hie jild pind by in bank oan de Foarwei. Underweis nei hûs waard er op it Alzerdapaed fan 'e fyts smiten. De oerfaller pakte syn jild ôf.

De oerfaller is in Nederlânsk pratende man tusken 20 en 40 jier. De plysje siket tsjûgen fan 'e brutale oerfal (0900-8844).

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)