Nije boargemaster foar It Amelân

30 nov 2000 - 12:43

It Amelân hat in nije boargemaster: Paul Verhoeven. Verhoeven (45) wennet no yn it Brabantse Wanrooij. Hy is op dit stuit wethâlder yn de gemeente Sint Anthonis foar in lokale partij en is lid fan de VVD.

Verhoeven wurket njonken syn wethâlderskip as beliedsmeiwurker ûnderwiis by de gemeente Wageningen. Hy is troud en hat trije bern.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)