Gjin kamera's yn Ljouwert

30 nov 2000 - 11:01

Yn Ljouwert komme gjin kamera's. Dy soene tafersjoch hâlde moatte op de feiligens of ûnfeiligens yn de stêd. Neffens de boargemaster is it effekt fan kamera's te lyts en binne de kosten yn ferhâlding te heech.

De ynvestearrings dy't dien binne om de kriminaliteit werom te bringen, hawwe in grut posityf effekt hân. Van Maaren wol it jild leaver yn mear blau stekke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)