Gemeente hat jild oer foar trein

© Omrop Fryslân
Smellingerlân is ree om de mearwearde fan de grûn dy't ûntstiet troch de komst fan de magneetsweeftrein, beskikber te stellen foar de oanlis fan it spoar. It soe dêrby gean om in bedrach fan maksimaal 143 miljoen gûne.
Troch de oanlis fan in stasjon by Drachten wurdt de grûn dêr flink djoerder. Dy mearopbringst wol de gemeente brûke foar finansiering fan de magneettrein.