Achtkarspelen wol mear huzen

29 nov 2000 - 14:52

Achtkarspelen sil de provinsje freegje om it wenningboukontingent foar de kommende jierren út te wreidzjen. De gemeente hopet dan oant 2010 twahûndert huzen mear bouwe te meien.

Utwreiding fan it kontingent is mooglik, mar de provinsje stelt as betingst dat de ekstra huzen yn de regio-kearnen komme. Dat betsjut dat allinnich yn Bûtenpost en Surhústerfean boud wurde mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)