Ielfiskers wachtsje op sinten
De ielfiskers dy't yn it ramt fan de sanearing fan de fiskerij útkocht binne, ha noch gjin sint sjoen. Bauke Visser, in fisker fan 'e Lemmer, hat al op 9 augustus de netten dellein, mar wachtet noch hieltyd op syn kompensaasje.
Visser sit sadwaande al trije moannen sûnder ynkommen. It wachtsjen is op de Europeeske Kommisje yn Brussel. Dy sil it jild frijjaan moatte.