Gouden Frysktalige cd
Tiisdei is de cd Simmertime 1 goud wurden mei 40.000 ferkochte eksimplaren. It is foar it earst dat in folslein Frysktalige cd goud wurden is. Agnes Sikma út Oentsjerk kocht it 40.000ste eksimplaar en krige ek in gouden cd.
Mei Simmertime 2 giet it ek goed. Fan dizze cd binne al sa'n 18.000 ferkocht.