Oanhâlding yn moardsaak Ljouwert

28 nov 2000 - 15:39

De plysje hat in Irakees(21) oanhâlden as fertochte foar de moard op de Koerdyske frou Nedal Mahmoud(35). De frou is yn septimber om it libben brocht yn har flat yn Bilgaard, yn Ljouwert.

De man is fertocht omdat hy hiel gau nei de moard mei de mobile telefoan fan it slachtoffer belle. De fertochte hat noch net bekend. De man wurdt woansdei foarlaat oan de rjochter-kommissaris.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)