Aksjegroep tsjin golfbaan Skylge

© Omrop Fryslân
Op Skylge is in aksjegroep oprjochte tsjin it oanlizzen fan in golfbaan op it eilân. It gemeentebestjoer fan Skylge wol sa'n golfbaan mooglik meitsje. It neamt in golfbaan in ferriking fan de rekreaasjemooglikheden.
De wurkgroep is fûl tsjin de golfbaan. De groep tinkt dat de oanlis wol 50 bunder grûn freegje sil. Dat is in oantaasting fan de natuer op Skylge.