Ekstra banen yn de soarch

© Omrop Fryslân
Stichting It Palet hâldt in grutte wervingskampanje foar ekstra personiel yn 'e soarch. Der moatte sa'n hûndert ekstra krêften komme. De ynstelling hat dêr jild foar krige fan it Ryk.
It ekstra personiel moat de 200 minsken helpe dy't no op 'e wachtlist stean. It Palet hat ferpleech- en fersoargingstehuzen yn 'e gemeenten Ljouwerteradiel, Ljouwert en Menameradiel.