Frou set eigen wente yn 'e brân
De plysje fan Snits hat dit wykein in 39-jierrige frou oanhâlden. Se wurdt fertocht fan brânstichting yn har eigen wente oan 'e Ubbo Emmiusstrjitte. In buorfrou hat har út it hûs weihelle.
De brânwacht moast deroan te pas komme om de bank yn 'e wenkeamer te blussen. De frou moast foar behanneling nei it sikehûs. Se sit no fêst op it plysjeburo.