SC Hearrenfean glidet ôf
Dennis de Nooijer koe SC Hearrenfean snein ek net oan de nedige oerwinning helpe. De 31-jierrige Sieu makke yn 'e wedstriid tsjin NEC syn rentree nei in protte blessuereleed.
Ta scoaren kaam De Nooijer net. De oare spilers ek net. De wedstriid yn it Goffertstadion einige yn 0-0. It wie de fyfde kompetysjewedstriid foar SC Hearrenfean sûnder oerwinning.