Nij azc Burgum iepene

27 nov 2000 - 12:28
Foto: Omrop Fryslân

Yn Burgum is sneon it nije azc offisjeel iepene. Boargemaster Polderman die dat troch de gemeenteflagge oer te langjen oan de waarnimmend direkteur.

Foarhinne sieten de asylsikers op twa ferskate lokaasjes. Dat is no ien wurden justjes bûten is doarp. De wenten binne rommer en der kinne mear minsken te plak: 400. Burgum heint no al sân jier flechtlingen op.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)